Oerlis om feroarings yn soarch

04 jul 2014 - 14:13

Fryslân krijt in saneamd 'transysje-oerlis' om alle feroarings yn de soarch yn goeie banen te lieden. Wethâlder Sjoerd Tolsma fan Súdwest-Fryslân wurdt - út namme fan de Feriening fan Fryske Gemeenten - foarsitter fan dat oerlis.

Tolsma wol him foaral ynsette foar de kontinuïteit fan de soarch én foar behâld fan wurkgelegenheid. De bedoeling is dat it oerlis nei de simmerfakânsje úteinset. Freedtemoarn wie der al in 'foar-oerlis' op It Hearrenfean oer alle feroarings op inisjatyf fan de soarchwurkjouwers.

Foaral by de húshâldlike help sil in soad feroarje, ek omdat de gemeentes mei yngong fan 2015 sels beslute oer wat se wol en net fergoedzje yn de takomst. Húshâldlike helpen dy't har wurk hâlde wolle sille nei alle gedachten oanfoljende kursussen folgje moatte, omdat de ynhâld fan it wurk en de wurkwize ek oars wurdt. De organisaasjes dy't mei-inoar oerlizze, lykas gemeentes, provinsje, soarchfersekerders en soarchoenbieders wolle besykje te foarkommen dat takommend jier in soad minsken ûntslein wurde, dy't oer in pear jier hurd nedich binne fanwege de fergrizing en it tanimmende ferlet fan soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)