Oerlis oer takomst Bylsma Lemmer

15 jan 2004 - 00:00

Der komt moandei mear dúdlikens oer de takomst fan skipswerf Bijlsma op De Lemmer. De direksje en de fakbûnen ha woansdei oerlis hân oer it behâld fan wurkgelegenheid by it bedriuw. It FNV is benaud dat der by de werf mear banen ferdwine as de oankundigde santjin.

Bijlsma kin mooglik oarders krije foar it ôfbouwen fan skipskasko's dy't makke wurde yn East-Europa. Dy opdrachten binne nedich om de wurkgelegenheid by it bedriuw te behâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)