Oerlis oer takomst Atoglas

07 mrt 2005 - 16:53

De fakbûnen en fertsjintwurdigers fan de direksje fan Atoglas ha snein de hiele dei fergadere oer de mooglike sluting fan it Ljouwerter fabryk. De Frânske direksje fan Atoglas wol ôf fan it fabryk.

Neffens de bûnen, personiel en gemeente Ljouwert kin de festiging lykwols wol fierder. Ferline wike lei it grutste part fan it personiel it wurk del. Der lykje noch takomstkânsen te wêzen, mar de direksje wol noch net reagearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)