Oerlis oer psychiatryske pasjint

21 des 2004 - 16:15

Psychiatryske pasjinten dy't geweld tsjin oaren of harsels brûke, moatte better opfongen wurde. Dêr hawwe de GGZ foar de geastlike sûnenssoarch, en de plysje tiisdei ôfspraken oer makke.

De plysje moat gauris yn aksje komme tsjin agressive pasjinten. Ek bart it dat de GGZ help biede moat oan minsken dy't troch harren syktebyld de feilichheid fan harsels of oaren yn gefaar bringe. De GGZ en de plysje hawwe no oer elk syn taak praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)