Oerlis oer Peazumerlannen

16 maaie 2014 - 07:23
  • Moddergat
  • De 'grins' fan natuergebiet de Peazumerlannen

It kontrakt dat it Fryske Gea hat mei Wetterskip Fryslân oer it behear fan natuergebiet Peazemerlannen rint dit jier ôf. Mar der is noch gjin dúdlikheid oer de takomst. Wetterskip Fryslân is eigner fan it gebiet. De ôfrûne 29 jier is it pacht troch it Fryske Gea. Der wurdt op dit stuit ûnderhannele. It Gea wol graach fierder gean yn de Peazemerlannen. Se wolle de natuer net fierder ferrûgje litte troch yn de kwelders beweiding ta te passen.

It Wetterskip hat hjir lykwols oare ideeën oer en is benammen dwaande mei de feiligens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)