Oerlis oer nasjonale plysje

10 nov 2010 - 12:35

Yn Den Haach set woansdei in krúsjaal oerlis útein tusken de plysje en de minister fan Binnenlânske Saken oer de komst fan in nasjonale plysje. Foar Fryslân is korpsbehearder Ferd Crone dêr by. In hiel soad plysjekorpsen hawwe grutte finansjele problemen, mei de Fryske plysje as koprinner.

Der is takom jier acht miljoen euro tekoart en 80 miljoen euro skuld. Der moatte 144 banen ferdwine om dêr wat oan te dwaan, mar eins soene der noch hûnderten mear ferdwine moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)