Oerlis oer krúspunten

14 okt 2013 - 07:52
  • Hottingawei, Wommels

Trettjin doarpsbelangen yn de gemeenten Littenseradiel en Súdwest-Fryslân wolle dat trije gefaarlike krúspunten yn de provinsjale dyk tusken Wommels-Noard en Boalsert gau oanpakt wurde. By de provinsje binne de knipepunten bekend. De doarpsbelangen hoopje mei stipe fan de steatefraksjes dat der no wat bart. Fan 2011 oant no hawwe der tritich ûngelokken west op de krusings, dêr't 18 minskenby ferwûne rekken en ien persoan om it libben kaam.

Tongersdei is der oerlis tusken de doarpsbelangen en de polityk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)