Oerlis oer gaslekken Ljouwert

28 okt 2010 - 12:53

Gasnetbehearder Enexis hat tongersdei in spoedoerlis hân mei it bedriuw Reggefiber. It bedriuw is ûnder oaren yn Ljouwert dwaande mei de oanlis de in grut glêsfezelnetwurk. By graafwurksumheden binne de lêste tiid faak gaslekken ûntstien.

Begjin dizze moanne hat dêroer oerlis west en is ôfpraat dat Reggefiber en syn ûnderoannimmers foarsichtich wurkje soene. Nei oanlieding fan in gaslek woansdei yn Aldlân sil Enexis melding meitsje by de feiligensried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)