Oerlis oer fersakke strjitte yn Grou bringt gjin oplossing

27 maaie 2015 - 07:47
  • De Noarderdwersstrjitte yn Grou

Bewenners fan de Noarderdwersstrjitte yn Grou en wenningboukorporaasje Elkien hawwe tiisdei opnij om tafel sitten om in oplossing te sykjen foar it fersakjen fan 20 wenten. De huzen binne al oardel jier oan it fersakjen en de lêste tiid liket it hieltiid flugger te gean. Twa wiken lyn moast ien wenning fan de iene op de oare dei ûntromme wurde omdat it net langer feilich wie. De bewenners sitte dan ek te springen om in oplossing.

Bewenners en Elkien binne noch yn ôfwachting fan it stânpunt fan de gemeente Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)