Oerlis oer Fean-kollum

11 apr 2013 - 12:39
  • Robert Veenstra, direkteur sc Hearrenfean

De direksje fan SC Hearrenfean hat tongersdei in fertroulik petear mei in delegaasje fan Aktie '67, de beide supporterferienings FeanFan en Nieuw Noord en de ûndernimmerssosjéteit OSSH. Ynset fan it petear is oft de direksje fan SC Hearrenfean iepenlik ôfstân nimt fan de kollum fan Albert van Keimpema yn de offisjele krante fan de klup (Corner).

De supporterferienings, Aktie '67 en de OSSH hawwe koartlyn in brief stjoerd nei de direksje dêr't sy harren lilkens yn kenber makke ha oer de ynhâld fan de kollum.

Op 'e webside fan Nieuw Noord is te lêzen: "Met verbazing en ongeloof heeft het bestuur deze column gelezen. Wederom wordt in een officieel SC Heerenveen medium een persoonlijke aanval geopend op dhr. Riemer van der Velde. Hiermee wordt weer onrust gecreëerd en gaat men voorbij aan een aantal kernwaarden van sc Heerenveen, zoals deze zijn vastgesteld in het beleidsplan ‘In Nije Dei’.

Alle partijen woene yn it foar neat sizze oer it petear fan tongersdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)