Oerlis oer brân op Kelders

21 okt 2013 - 12:11

Yn Ljouwert is moandei de hiele moarn oerlein oer de grutte brân op de Kelders fan sneontejûn. De brân bruts sneon oan de ein fan de middei út en trof fiif winkels en alve wenten oan Kelders, Minnemastrjitte en Poststrjitte. In 24-jierrige man kaam by de brân om it libben. De brânwacht hat ek moandei, oardel dei nei de earste melding, noch oan it neiblussen west.

In part fan de Ljouwerter binnenstêd is noch hieltyd ôfset, mar dat gebiet wurdt lytser. Dêrtroch is it foar de belutsenen no makliker om in byld te krijen fan de skea.

Boargemaster Ferd Crone wie oanwêzich by it oerlis. Hy is snein fanwege de grutte brân weromreizge fan syn fakânsje-adres.

Der wiene moandeitemoarn mar twa saken iepen op De Kelders; in iissalon en in kofjesaak. Hoe't it krekt komt mei de eigeners fan winkels en hoareka oan de Kelders is noch net dúdlik. Der moat noch in soad regele wurde, Dat bart yn oerlis mei Anne Martin de Graaf fan de ûndernimmersferiening De Oude Markten fan it gebiet. De gemeente Ljouwert is fan doel om de ûndernimmers safolle mooglik te helpen by it wer opstarten fan it bedriuw. Ien fan de minsken dy't dêrfoar ynset wurdt is binnenstêd-manager Hajo Galema.

Ferskate bewenners fan apparteminten yn de Poststrjitte hawwe ûndertusken al wer werom west yn harren appartemint. Ien dêrfan is is studint Keimpe Huging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)