Oerlis Nooitgedagt rint net

24 apr 2003 - 00:00

Fakbûn FNV Bondgenoten driget út it oerlis mei de direksje fan it beitelfabryk Nooitgedagt yn Drylts te stappen. It fakbûn wol in goede ûntslachfergoeding, mar de direksje biedt op it stuit neat.

Troch de sluting fan it fabryk ferlieze 25 minsken har baan. Tongersdei wie der foar it earst oerlis tusken fakbûn en direksje oer in sosjaal plan. Op seis maaie sille beide partijen op 'e nij om tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)