Oerlis mei personiel Haitsma

17 jan 2011 - 16:18

De fakbûnen oerlizze mei personiel fan Haitsma Beton yn Koatstertille oer it einbod fan de direksje oer in sosjaal plan. Tsien meiwurkers krije dien by it bedriuw. De wurknimmers binne it net iens mei foarstellen foar in sosjaal plan. It giet ûnder oare oer de oanfolling op de WW-útkearing.

De fakbûnen jouwe in negatyf advys oan 'e leden. As it personiel moandeitemiddei it bod ofwiist, komme der mooglik aksjes by Haitsma Beton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)