Oerlis Langman-jilden Den Haach

02 okt 2003 - 00:00

De trije noardlike kommissarissen fan de keninginne hiene tongersdei oerlis mei it kabinet oer it Langman-akkoart, sis mar oer stipe fan it ryk oan it Noarden. Dy stipe hâldt mooglik nei '06 op, sei steatssekretaris Van Gennip.

Minister Peijs sei ta dat alle ôfspraken oer de oanlis fan diken neikommen wurde. Minister V.d. Hoeven wol wat dwaan oan ûnderwiisefterstannen yn it Noarden. Foar lânbou wurdt gjin ekstra jild frijmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)