Oerlis gemeente mei ûndernimmers

01 mrt 2004 - 00:00

Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen sille faker oerlizze mei de ûndernimmersferiening yn de gemeente. Earder krige Achtkarspelen fan de ûndernimmers it ferwyt dat dy te min belutsen wurde by it ekonomysk belied fan de gemeente.

Nei oanlieding fan dat ferwyt hat der in petear west tusken de twa partijen. Dêryn is ôfpraat dat tenei elk fearnsjier mei-elkoar om 'e tafel sitten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)