Oerlis Friesland Bank fierder

20 apr 2009 - 19:51

De fakbûnen prate tiisdei fierder mei de direksje fan de Friesland Bank oer in sosjaal plan foar de meiwurkers. Ofrûne freed staakten de fakbûnen en de direksje it oerlis om't se der net útkomme koene.

It grutste fakbûn, it FNV, wol net sizze op hokker punten de ûnderhannelings fêstrinne. De direksje wol 250 banen skrasse en acht kantoaren slute. Dy reorganisaasje is nedich om't ferline jier 75 miljoen ferlies makke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)