Oerlis coffeeshop Snits

15 maaie 2009 - 10:23

Boargemaster Brok fan Snits hat nije wike in petear mei de plysje en in coffeeshophâlder. Reden is in kontrôle dy't west hat by in coffeeshop op de Singel dy't neffens de eigner net goed ferrûn is.

Besikers waarden hast in oere fêstholden troch plysje en belestingtsjinst, wylst der neat te rêden west hawwe soe. Oaren mochten de saak net yn. Neffens Brok stiet de coffeeshop poerbêst bekend. Der hawwe noch nea klachten oer west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)