Oerlis BFWV en Kramer oer aaisykjen mislearret

25 jan 2016 - 23:32

In lêste oerlis tusken it BFVW en deputearre Kramer oer de takomst fan it aaisykjen is op neat útrûn, seit BFVW-foarsitter Rendert Algra. It bûn wol dat de provinsje in ûntheffing jout op de natoerwet om aaisykjen ta te stean. Dêrfoar is advys frege oan de lânsadvokaat. Dy seit dat soks allinnich kin as it goed giet mei de ljip en dat is net sa.

Yn it advys stiet ek dat der wol romte is foar it aaisykjen as oantoand wurde kin dat soks gjin ynfloed hat op it tal ljippen. It BFVW wol dêrmei fierder, mar neffens Algra wol Kramer dat net.

Deputearre steaten nimme tiisdei in beslút oer it aaisykjen. Algra hat gjin hege ferwachtings en ropt no alfêst de leden op foar in ekstra ledegearkomste, no woansdei yn Wommels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)