Oerlis bestjoerskrisis Harns

30 jul 2012 - 15:07

De gemeenteried fan Harns komt op 8 augustus werom fan reses om te praten oer de bestjoerskrisis yn de gemeente. Ferline wike foel de koälysje fan Frisse Wind, List Soolsma, D66, GrienLinks en Harnzer Belang útinoar. Der wie gjin fertrouwen mear tusken de partijen.

Nei petearen fan boargemaster Sluiter mei alle tsien fraksjefoarsitters is besletten ta de ekstra riedsgearkomste. Neffens Sluiter docht bliken dat der noch genoch fertrouwen is yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Der wurdt achter de skermen al wurke oan in nije koälysje, seit de boargemaster.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)