Oerlêst yn Makkum troch gaslek

25 sep 2003 - 00:00

Oan it Tichelwurk yn Makkum hat in gaslek tongersdei foar oerlêst soarge. Ut foarsoarch waarden moarns fjouwer wenten ûntromme en plysje en brânwacht waarden warskôge. Yn de rin fan de middei fûn gasbedriuw Essent it lek yn ien fan de wenten oan it Tichelwurk.

Nei it tichtmeitsjen mochten de bewenners fuortdalik werom. It gas yn de krûpromtes fan de wenningen koe pas fuortkomme doe't der in gat makke wie yn de gevel by ien fan de huzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)