Oerlêst by Tytsjerk ferwachte

06 jan 2006 - 14:27

Der wurdt nije wike tiisdei ferkearsoerlêst ferwachte troch wurksumheden op de N355 by hotel/restaurant E10 flakby Tytsjerk. Alle ferkearsljochten wurde dy dei útset om't de software oanpast wurdt.

De wurksumheden oan de ferkearsljochten begjinne om tsien oere moarns en moatte om trije oere dien wêze. It ferkear moat rekken hâlde mei opûnthâld, ek al wurdt der bûten de spitsoeren wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)