Oerlêst troch waarme waar

12 maaie 2011 - 21:52

It moaie waar fan de ôfrûne wiken hat ek in ferfelende bywurking. Yn de stêd Ljouwert soargje jongeren dy't fan it waarme waar genietsje foar in soad oerlêst. It giet net allinnich om jongeren út Ljouwert dy't foar oerlêst soargje, ek bern dy't dêr op skoalle sitte soargje foar problemen.

Dat stiet yn de feilichheidssifers fan de gemeente Ljouwert. Tongersdei binne dy presentearre. Dêr docht ek út bliken dat der hieltyd faker ynbrutsen wurdt yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)