Oerlêst troch swiere buien

06 aug 2013 - 10:03
  • In omfallen beam op in pleats op De Gordyk
  • Omwaaide beammen
  • Wjerljocht

Tongerbuien mei swiere wynstjitten hawwe moandeitejûn en -nacht problemen yn it súdeasten fan de provinsje opsmiten. Yn Wolvegea, Aldeholtwâlde, Mildaam, Oerterp en Spangea moast de brânwacht tsientallen omwaaide beammen fuorthelje.

Op 'e Himrik foel in beam op in hûs. Yn Aldeholtwâlde rekke in gaslieding stikken troch woartels fan in omwaaide beam. Enexis hat it lek tichtmakke. By Wolvegea botste in lege persoanetrein op in beam dy't op it spoar lei. Gjinien rekke ferwûne. It treinferkear tusken Ljouwert en Zwolle hat in skoft stillein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)