Oerlêst troch showoefening F16

06 apr 2009 - 10:09

Omdat moandei mei in F16 oefene wurdt foar shows op loftfearteveneminten, ha de omwenners fan de fleanbasis yn Ljouwert moandei mear oerlêst as oars. Kapitein-fleaner Ralph Aarts is lid fan it F16-demonstraasjeteam fan de basis Volkel en oefent de kommende dagen yn Fryslân. Tiisdei fljocht er boppe de Vliehors en woansdei opnij by de Ljouwerter basis.

Fan oar jier ôf wurdt de fleanbasis yn Ljouwert de thúsbasis foar it F16-solo-demonstraasjeteam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)