Oerlêst troch minne waar op lanlike syldei

06 maaie 2015 - 18:22
  • Sylskoalle De Veenhoop

De Nasjonale Syldei is woansdei troch wyn en rein foar in part yn it wetter fallen. Minsken dy't yn de kunde komme woenen mei de wettersport wiene wolkom op ferskate sylskoallen yn it lân. Troch de hurde wyn gongen ferskate wettersportaktiviteiten net troch. Op sylskoalle De Veenhoop wie in rûnlieding, it silen sels gie oer.

De syldei waard troch de HISWA organisearre. De syldei falt midden yn de Wike fan de Wettersport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)