Oerlêst troch min waar

03 jun 2003 - 00:00

It minne waar hat moandeitejûn yn 'e provinsje foar oerlêst soarge. Yn Hjelbeam, Oerterp en Dronryp sloech de de wjerljocht yn. De skea fariearre fan in gat yn it dak oant reekskea en trochsleine stoppen.

Op 'e Lemmer reinde it sa hurd dat it wetter de winkels en wenten oan de Fiskerstrjitte yn it sintrum ynrûn. It reinwetter koe pas wer fuortkomme nei't de brânwacht de putdeksels fan it rioel iepenset hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)