Oerlêst troch drugsgebrûk

30 sep 2007 - 14:40

In ynwenner (38) fan Ljouwert is sneontenacht oanhâlden op it Hearrenfean. De man soarge yn in fytsehok oan de Lindegracht foar oerlêst foar omwenners.

De man waard oppakt neidat de plysje him ferskate kear frege hie fuort te gean. By syn oanhâlding fersette de man him. Hy is fêstset op it plysjeburo. De man wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan drugs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)