Oerlêst op eilannen Fluezen

29 sep 2009 - 15:38

Skippen dy't te lang lizzen bliuwe, jeugd dy't op in eilân de beammen mei bilen bewurket en aloan mear klachten oer minsken dy't achter de boskjes poepe. Dat binne de opfallende negative útsjitters by rekreaasjeskip De Marrekrite yn in fierder goed ferrûne simmer.

Minsken kleie foaral oer de binde op de eilannen yn de Fluezen. It omhakken fan beammen wie op de Langhoekspôle, ek yn de Fluezen. Ek misse der planken en stegers om in fjurke fan te stoken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)