Oerlêst op A7 by Boalsert

20 aug 2004 - 13:41

De kommende moannen is der flink wat oerlêst foar it ferkear op de A7 tusken Boalsert en Snits. Rykswettersteat wurket fan 30 augustus oant en mei 29 oktober oan it fiadukt Marnesyl by Boalsert. Dat betsjut dat de ôfrit Boalsert yn de rjochting fan Snits ôfsletten is foar it ferkear.

Al dy moannen is der ek mar ien rydstripe beskikber. It ferkear dat nei Boalsert moat, kin de ôfrit Boalsert- East nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)