Oerlêst jongeren Reidingpark Drachten nimt ôf

08 aug 2015 - 06:55

Der binne hast gjin hingjongeren mear yn it Reidingpark yn Drachten. Dit komt, sa sizze de omwenners, troch it eskalearjen fan rûzjes tusken de jongerein út Drachten. Ek hâldt de plysje de jongeren yn it park mear yn 'e gaten.

De ôfrûne moannen hienen de bewenners by it park bot lêst fan de bytiden wol 40 of 50 jongeren dy't yn it park wienen. De Drachtsters hienen de gemeente dêrom frege aksje te ûndernimmen tsjin de oerlêst. Benammen jûns wienen der problemen.

De gemeente en de plysje litte yn in reaksje witte dat sy no mear kontrôles hâlde yn it park. Ek hâlde sy strang tafersjoch op in groepke jongeren dat nei harren gedachten de oarsaak is fan de ynsidinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)