Oerlêst Fryske jeugdgroepen

28 okt 2008 - 12:09

Yn Fryslân wiene ferline jier fiif jeugdgroepen aktyf dy't foar in protte oerlêst soargen. Dêrneist wiene der ek nochris 38 oare groepen jongeren dy't yn mindere mate oerlêst feroarsaken. Echt kriminele jeugdgroepen binne der net yn ús provinsje. Dat docht bliken út sifers fan de Ried fan Haadkommisarissen.

Foaral yn de gruttere plakken yn Fryslân komme mear jeugdgroepen foar. Troch ekstra ynset lizze de sifers dit jier in stik leger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)