Oerlêst Frijheidswyk oanpakke

19 jul 2003 - 00:00

Der moat wat dien wurde oan de oerlêst yn de Frijheidswyk yn Ljouwert. De gemeente, Korporaasjeholding Fryslân en de plysje oerlizze dêrom oer in plan fan oanpak.

Neffens direkteur Deinum fan de Korporaasjeholding is de oerlêst fan bygelyks drugsdealers de lêste jierren tanommen. Hy wol dat der earder optreden wurdt by meldingen fan oerlêst. Hûsmasters en buertkonsjerzjes krije dêr ek in taak yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)