Oerlêst foar brêgen It Fean

14 aug 2011 - 12:27

Yn it sintrum fan It Hearrenfean wurde fan nije wike ôf twa brêgen opknapt. It binne de Herenwalsterbrêge en de Stationsbrêge. De Herenwalsterbrêge is oerdeis ôfsletten foar alle ferkear, ek foar fytsers en kuierders. Boaten kinne der ek net del. It ferkear wurdt mei buorden omlaat.

It wurk oan de Stationsbrêge jout gjin oerlêst foar it ferkear. De gemeente lit ek de Poolsbrêge by Gersleat opknappe. Dat wurk begjint oer twa wiken. Ek dêr moat it ferkear omride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)