Oerlêst fleanbasis yn wykein

21 jan 2003 - 00:00

De Ljouwerter fleanbasis is de kommende moannen yn it wykein iepen foar F-16's. Dat is nedich om it ôfsetten fan fleantugen nei Kirgizië mooglik te meitsjen. Militêren en fleantugen út Ljouwert binne dêr stasjonearre om de Amerikanen te helpen yn de striid tsjin it terrorisme.

De F-16's komme sa út en troch werom nei Ljouwert foar ûnderhâld. It slagget net altyd om tongersdeis fuort te gean. Dêrom meie se ek yn it wykein fleane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)