Oerlêst ferkear troch plysje-aksje op sneldiken

22 apr 2015 - 08:15
  • By Breesândyk nimme de kollega's út Noard-Hollân it oer

It ferkear yn it Noarden hat woansdeitemoarn in soad lêst hân fan de estafette-aksje fan de plysje. Plysjes rieden mei in gong fan 70 kilometer oer de A7 fan Grins nei De Jouwer. Dêr splitsten se harren en rieden fia de A7 nei de Ofslútdyk en de A6 nei De Lemmer. Der ûntstie moarns al gau in file fan 10 kilometer.

By Muiden en Breesândyk ha de kollega's út Noard-Hollân it oernaam. De plysje hâldt de aksje om sa oandacht te freegjen foar in bettere CAO.



Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)