Oerlêst ferkear Bûtenpost

25 okt 2007 - 14:52

It CDA yn Achtkarpspelen makket him soargen oer de ferkearssituaasje op de Stasjonsstrjitte yn Bûtenpost. Om't dêr in soad parkeard wurdt, kin der soms noch mar amper riden wurde. De parkearde auto's steane faak oer de hiele lingte fan de strjitte en dus kinne auto's elkoar net mear passeare.

Benammen foar it busferfier nei it stasjon en it ferkear dat nei it yndustrieterein De Swadde moat, soarget dat foar in soad oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)