Oerlêst fan parren yn Elslo

10 sep 2004 - 10:28

Parrebeammen yn Elslo soargje foar in soad oerlêst. Oare jierren foel it wol ta, mar troch de sachte maaitiid falle no in soad parren fan de beammen.

Bewenners witte net wêr't se mei it bedoarne fruit hinne moatte en de gemeente docht neat. It stjonkt en it fruit lûkt in soad ynsekten oan. De auto's ride de parren oan smots. De strjitte is sjippeglêd. It is heech tiid foar maatregels fine de bewenners. Der wurdt in kapfergunning oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)