Oerlêst fan jeugd op De Lemmer

05 okt 2006 - 11:34

Jongeren op De Lemmer soargje foar hieltyd mear oerlêst yn it sintrum fan it doarp. Se goaie boaten los en smite bierglêzen stikken op de dekken. Ek meitsje de jongeren in soad leven.

De oerlêst is sa slim, dat toeristen al oanjûn ha net mear werom te kommen op De Lemmer. De ûndernimmersferiening Lemmer wol maatregels nimme tsjin de oerlêst. Mooglik wurdt befeiligingsbedriuw Schaaf wer ynset. Dat waard al earder dien, mei sukses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)