Oerlêst fan guozzen

11 apr 2007 - 14:45
  • Guozzen yn de tún

De Fûgeltsjebuert yn Surhústerfean hat in soad te stellen mei acht guozzen. De bisten skite alles der ûnder, frette túntsjes keal en pikke nei bern. De agresje is fierder tanommen, no't de guozzen ek noch goed tweintich aaien ha.

De gemeente Achtkarspelen seit net in soad dwaan te kinnen. Neffens har binne in soad minsken tige wiis mei de guozzen. Yntusken is der in hantekenaksje tsjin de guozzen begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)