Oerlêst fan feestweinen

08 jul 2011 - 10:23

Oan de tradysje yn Noardeast-Fryslân om nei ôfrin fan de optocht by it doarpsfeest mei feestweinen nei de buordoarpen te gean, moat gau in ein komme. Dat fine de plysje en de gemeente Dongeradiel.

Trije feestweinen út Peazens-Moddergat hawwe tongersdei foar oerlêst soarge yn Dokkum. Op de weinen siet feestende jeugd. Se hiene de muzyk te lûd en smieten mei bierfleskes. De plysje hat se de stêd út begelaat, werom nei har doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)