Oerlêst fan bussen yn Marssum

25 maaie 2001 - 00:00

Bewenners fan Marssum hawwe in soad oerlêst fan de bussen dy't troch it doarp ride fanwegen in omlieding. Nei oerlis mei gemeenten en Noordned binne al obstakels yn de dyk oanbrocht. Mar dêr passe de bussen net tusken troch.

De Marssumers lykje de kar te hawwen: of oerlêst of gjin iepenbier ferfier. Om't de gemeentlike meiwurkers frij ha, wurdt it probleem moandei pas oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)