Oerlêst by besuniging

20 okt 2011 - 15:37
  • Gemeentehûs Eaststellingwerf

De oerlêst fan minsken mei in ferslaving, skulden en psychyske problemen yn Eaststellingwerf nimt ta as de besuniging op de helpferliening trochgiet. Dat seit wolwêzensstifting Scala. Dy fangt op dit stuit 57 minsken mei sokke problemen op en der is al in wachtlist. Dy wurdt allinnich mar langer as der takom jier 10.000 euro besunige wurde moat.

8 novimber praat de gemeenteried fan Eaststellingwerf oer de besuniging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)