Oerlêst by 'Avondvierdaagse'

17 maaie 2006 - 23:00

De organisaasje fan de Avondvierdaagse yn Ljouwert hat skjin syn nocht fan it gedrach fan in part fan de dielnimmers. Yn in brief oan de begelieders skriuwt it bestjoer dat it dien wêze moat mei fernielings, oerlêst en fysyk geweld.

De Avondvierdaagse is moandei foar de 62e kear úteinset en duorret noch oant en mei tongersdei. Der dogge 3000 minsken mei. Yn it slimste gefal wurde lêstposten fan dielname útsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)