Oerlêst âlderen fan winterwaar

29 des 2010 - 17:41

It winterwaar soarget by âlderen foar in protte oerlêst. Omdat der allinne op belangrike diken en fytspaden struid wurdt, bliuwe de stoepen spegelglêd. It âldereinbûn ANBO rôp gemeenten earder al op ek rekken te hâlden mei de âlderen en fuotgongers by it struien en net allinne te tinken oan it ferkear op de belangrike rûtes.

It CDA yn Ljouwert hat der yntusken fragen oer steld oan it gemeentebestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)