Oerlêst yn supermerk

04 des 2011 - 13:55

De plysje hat sneontejûn in 42-jierrige Frjentsjerter oanhâlden dy't foar oerlêst soarge by in supermerk yn dy stêd. De man smiet in winkelkuorke om en skold winkelmeiwurkers út. In frachtweinsjauffeur krige ek noch misledigings nei de holle ta slingere.

Doe't de plysje him om in identiteitsbewiis frege, wegere de man dat. Hy is meinaam nei it buro. Dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)