Oerkape poadium foar Koudum

04 jan 2013 - 16:53

Koudum krijt yn it sintrum fan it doarp in oerkape poadium foar konserten en oare aktiviteiten. It giet om in inisjatyf fan doarpsbelang. De gemeente hat jild tasein as in kado fanwege it winnen fan de Doarpsfernijjingspriis 2006. It soe de ôfsluting fan de renovaasje wurde moatte.

Keunstner Hanshan Roebers hat in idee op papier set dat meikoarten oan doarpsbelang presintearre wurde sil. Roebers wennet sels yn Koudum en hat der in soarte fan keunstwurk fan makke, dat midden op it plein yn it doarp komt te stean.

Wannear't de earste optredens plakfine sille is noch net bekend, want earst moat der noch jild op it kleed komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)