Oerienkomst wurk op eilannen

08 jun 2008 - 12:43
  • Oerienkomst tekene op Skiermûntseach

Rykswettersteat draacht har wurksumheden op de Fryske Waadeilannen oer oan de gemeenten en wetterskippen. It giet om ûnder oare it behear fan diken, strân, dúnoergongen, fytspaden, feardamen en seewarringen.

Rykswettersteat sil lykwols byspringe as it nedich is en om dat te regeljen is sneon op Skiermûntseach in oerienkomst tusken Rykswettersteat en de boargemasters fan de fjouwer Waadeilannen tekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)