Oerienkomst Van Hall-Wageningen

10 apr 2001 - 00:00

Studinten kinne tenei har propedeuse foar de Universiteit Wageningen helje by de agraryske hegeskoalle Van Hall yn Ljouwert. Dat is in part fan de gearwurking tusken Wageningen, hegeskoalle Larenstein en it Van Hall.

Tiisdei waard de yntinsjeferklearring tekene dêr't yn stiet dat de skoallen it ûnderwiis better op inoar en op de maatskiplike behoeftes ôfstimme sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)