Oerheidsynstânsjes wiene op 'e hichte fan gefaar Udo D.

21 okt 2015 - 16:09

Alle oerheidsynstânsjes yn Ljouwert wisten dat de 38-jierrige Ljouwerter Udo D. gefaarlik wêze koe foar oaren. Mar der wiene gjin wetlike mooglikheden om de mienskip dêrtsjin yn beskerming te nimmen. Udo D. sloech moandei in 68-jierige frou yn Ljouwert dea mei in flesse en foel nei alle gedachten nochris trije oare froulju oan.

Yn in petear mei de parse, makken plysje, justysje, GGZ en de gemeente Ljouwert woansdei dúdlik wat de foarskiednis wie fan de man. Neidat Udo D. in tbs-opname efter de rêch hie, gong it nochris mis.

Dêrnei waard hy troch de rjochter twongen opnaam yn in klinyk. Dat duorre mar koart en op 5 augustus kaam hy dêr wer út om't syn agresje net kaam troch de steurnis dy't hy hie, mar omdat hy dêr sels ta beslute.

De belutsen ynstânsjes ha nei syn frijlitten besocht de man ekstra te begelieden en yn 'e gaten te hâlden. Oft dat goed gong is, wurdt no útsocht. Boargemaster Crone wol fan de lanlike polityk mear foech om yn dit soart gefallen wol yngripe te kinnen.

In oersjoch fan de belangrykste mominten:
2005: de man wurdt feroardield ta 6 moanne sel en TBS fanwege bedriging. Hy is mei in auto ynriden op syn eks-skoanheit.
2012: syn TBS wurdt ferskate kearen ferlingd, mar troch in útspraak fan de Hege Ried, mei syn TBS net op nij ferlingd wurde. Dat kin allinne noch mei geweldsdelikten en dat jildt net foar him.
2014: de man siket kontakt mei syn eks, nettsjinsteande in kontaktferbod, en wurdt dêrfoar feroardield.
2015: hy giet op nij de fout yn mei ûnder oare winkelstellerij en mishanneling) en wurdt feroardield. Fia de rjochter wurdt ek in opname yn in forensyske klinyk ôftwongen. Yn augustus wurdt er loslitten, der binne gjin wetlike mooglikheden mear om him langer fêst te hâlden. Hy wurdt wol yn 'e gaten hâlden troch alle ynstânsjes. Mar de fertochte hâldt him rêstich. Oant ôfrûne moandei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)