Oerheidswebsiden net feilich

03 sep 2011 - 13:11

De gemeente Hearrenfean hat de hiele gemeentlike webside út de loft helle omdat der twifels binne oer de feiligens fan oerheidswebsiden. It giet om ûnderdielen fan de webside dêr't by betelle wurde kin of dêr't gefoelige ynformaasje fan ferstjoerd wurde moat. It is net dúdlik oft der in feilichheidsrisiko is, mar de gemeente siket dat it wykein út.

Freedtenacht makke minister Donner bekend dat de feiligens fan hûnderten websiden net mear garandearre wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)